Franka van Meel
Dokterspraktyk Yntegrale Genêskunde
Algemiene Genêskunde, Homeopaty & Libbensstylgenêskunde
Nei balâns, foar mear enerzjy.
Homeopaty
Ast út balâns rekkest, kin dyn lichem en/of geast symptomen produsearje.
Hokker symptomen dat binne, wurdt fêststeld troch hoe’t dyn konstitúsje, dyn gestel, yn elkoar sit.
It krekt passende homeopatyske genêsmiddel stimulearret dyn selsgenêzjend fermogen.
Yntegrale Genêskunde
Hjirby binne dokter en pasjint lykweardich, stiet de pasjint sintraal en wurdt de minske yn syn gehiel sjoen.
By yntegrale genêskunde wurdt der in kar makke foar de behanneling út alle beskikbere terapeutyske mooglikheden wêrfoar’t wittenskiplike ûnderbouwing bestiet.
Yn de sin fan oanwizings foar de effektiviteit en bewiis fan feiligens.
Tegearre oan ‘e slach !
-
Hawwe jo groanyske klachten ?
-
Komt der gjin ferbettering nei reguliere medisinen ?
-
Hawwe jo in tekoart oan enerzjy ?
Lit ús dan tegearre oan ‘e slach gean !
-
ConsultIn een intensief gesprek verzamelen we zoveel mogelijk gegevens over uw gezondheid, symptomen en constitutie. Om het juist passende homeopathische geneesmiddel te kunnen vinden.
-
GezichtsanalyseVolgens de methode van Grant Bentley uit Australië maak ik een aantal foto’s van uw gelaat. Na analyse snap ik uw constitutie een stuk beter.
-
Orthomoleculair adviesUw medicatie en supplementen gebruik worden geïnventariseerd. Zo nodig zal er op het gebied van supplementen een advies worden gegeven.
-
LeefstijladviesWanneer dat relevant is kan er een advies ten aanzien van leefstijl gegeven worden. Dit zal niet alleen het herstel bespoedigen, maar vooral ook preventief werken voor de toekomst.
-
Algemene geneeskundeUiteraard ben en blijf ik arts en zal ik ook als zodanig onderzoeken en handelen. Zonodig zal er overleg plaats vinden met een behandelend arts.
Dit kinne jo by my ferwachtsje
Oer my
Yn 1990 bin ik ôfstudearre as dokter.
Yn it begjin oan it wurk as konsultaasjeburo-arts, bin ik letter begûn oan de stúdzje foar homeopaty foar dokters. Sadree’t ik dizze ôfrûne hie, bin ik hiel entûsjast as nij lid fan de AVIG in eigen dokterspraktyk foar homeopaty begûn yn 1999.
Yn dizze perioade bin ik mem wurden fan 4 bern.
En no bin ik dus al wer 20 jier selstannich wurksum yn myn praktyk.
It entûsjasme foar dizze komplemintêre genêsmetoade is yn de rin fan de jierren allinne mar tanaam. Letter kamen dêr fansels de treningen by om registrearre lid fan de AVIG bliuwe te kinnen. En sa is kennis fan de ortomolekulêre genêskunde en libbensstylgenêskunde yntegrearre rekke yn de behanneling. Sadwaande is no de term dokter foar Yntegrale Genêskunde op syn plak.
Testimonials
“Franka hat my hiel goed holpen. Ik kaam by har terjochte mei oergongsklachten. Se is deskundich, trochtaastend en in oangename peteargenoat. Se hat my yn koarte tiid wer op it goeie spoar set.”
– Ans W.
“Ik fûn de petearen dy’t ik mei Franka hie hiel goed. Bin no sa gelokkich mei myn hannen. Moai dat se my mei myn ekseem helpe koe.”
– Marina T.
“Myn 9-jierrige dochter hie in soad lêst fan ûnferklearbere en weromkommende pinebúk, mar ek oanfallen fan lilkens en oanhâldende yrritaasje. Se koe har ferhaal by Franka kwyt, se fielde dat se stipe waard. Al in pear dagen nei’t we begûnen mei it homeopatyske middel hawwe we in enoarm ferskil murken yn har gedrach en hie se gjin lêst mear fan de aaklike pinebúk.”
– Dominka E.