Hjirfoar kinne jo by my terjochte
Groanyske syktes
allergy
astma
blaasûntstekking
groanyske wurgens
termklachten as PDS
fibromyalgy
hûdklachten as ekseem, aknee, wratten ensfh.
pineholle en migrêne
menstruaasjeklachten, PMS
ear- en noasbyholteûntstekkingen
oergongsklachten
reuma en oare rimmetikige klachten
ensfh.
Libbensstylgenêskunde
Yn de hjoeddeiske tiid stiet it wolwêzen en de sûnens fan de minske enoarm ûnder druk. Us manier fan libjen leveret in soad stress en in enoarme doasis prikkels op.
Libbensstylgenêskunde rjochtet him op de prefinsje fan it siik wurden hjirtroch.
Ik wurkje graach mei jo gear binnen de libbensstylgenêskunde om te waarboargjen dat jo sûn en yn balâns bliuwe, sadat jo jo enerzjy brûken bliuwe kinne om goed te wurkjen en noflik te libjen.
Gedrachsproblemen
Benammen bern steane yn de hjoeddeiske tiid tige yn ‘e belangstelling wat harren gedrach oangiet. Der wurdt in soad fan harren ferge, benammen op skoalle.
Autisma, mar ek ADD en ADHD wurde geregeldwei sinjalearre en regulier behannele.
Gelokkich binne der ek de oanfoljende behannelswizen binnen de homeopaty, ortomolekulêre genêskunde en libbensstylgenêskunde dy’t hjir in positive bydrage oan leverje kinne.
Binnen myn praktyk haw ik dêr in soad ûnderfining mei opdien.
Oanfoljende genêskunde
By ynintingen, gemoterapy of radioterapy.
Ek as reguliere behannelingen needsaaklik binne, kin homeopaty oanfoljend in soad betsjutte.
Dit jildt ek foar de ortomolekulêre genêskunde en libbensstylgenêskunde.
Deze genêsmetoaden helpe by it better ferwurkjen fan de reguliere behannelingen en dêrtroch earder wer goed wurden fan de balâns en opbouwen fan enerzjy.